maart 24, 2024
fan ûnbekend*
Fan it iene nei it oare plak,
sa reizget men oeral oer ’t spoar
om feilich oan te kommen,
mar yn Birma kaam it spoarfolk om,
dêr wie it twangwurk foar.
Stiel woech foar it finzen folk te swier
om elke dei foar fol te gean,
faak mei in lege mage,
fiifensantich stoaren op ien dei,
de dea wie harren lean.
Fan it iene nei it oare plak,
sa reizge mannich offisier
om syn gerak te krijen,
feestlik wie de iepening fan ’t spoar
mei hoeren foar fertier.
* Foto ‘Wurkje oan de Birma-spoarwei’
maart 17, 2024
fan ûnbekend*
Wat docht in muorre foar it folk
dat siket om beskerming
op beheinde grûn, de lêste
fan in ûnbestimd bestean…
hoe lang dan noch te gean?
De muorre waard in finzenis
foar Joaden yn it getto
as besmette grûn yn Warschau,
amper plak om te bestean…
hoe lang dan noch te gean?
It wie de finzenis fan mear
as fjouwerhûnderttûzen
sûnder útsicht op ’e takomst
fan in trochrinnend bestean…
hoe lang dan noch te gean?
Wa’t oerbleau, kaam der libben út
foar ’t lot fan konsintraasje
fia gas en fjoer ta jiske,
gjin ferfolch fan it bestean,
gjin wei om noch te gean.
Foto ‘Getto Warschau’