april 14, 2024
fan ûnbekend*
Hy hie in oare kleur as blank,
wie fan in minderweardich ras,
alteast dat fûnen militêren
fan it wiere heldedom,
sa’t sy harsels wurdearren.
En doe’t hy rap de klean oandie,
in pak dat kaam him breed fan pas
om mei syn ploech te demonstrearjen,
hold it heldedom him tsjin,
syn die moast wol mislearje.
Se skuorden him de klean fan ’t liif,
de helden sloegen derop los;
de fijân fan dy militêren
kaam net yn syn dwaan werom,
hy soe dy dei noch stjerre.
* Foto ‘Demonstraasje yn Los Angeles’
(juny 1943)
april 7, 2024
fan ûnbekend*
Hy koe net sûnder wetter,
as marine-offisier
hie hy in fin mear as in bears:
ûntdekkingsreizger, ûndersiker,
’t wie ûnder wetter, wat er keas.
Dus woe hy djipper dûke
as de boaiem fan syn skip,
in dûkboat wie him wol bekend;
hy makke ien foar twa persoanen,
wie oan de djipte al gau wend.
Hy woe it wetter fiele,
wat net slagge op in boat,
mar grif wol mei in tredde long,
dy’t op ’e rêch foar soerstof soarge,
dit ekstra middel hold him jong.
Hy koe net sûnder wetter,
ûnder, boppe, dus rûnom,
as jonge al wist hy: dit is ’t,
mar letter seach hy de bedriging
foar wetter en waard aktivist.
* Foto ‘Cousteau as dûker’