augustus 12, 2018
fan Jan Luyken*
De ierde skodde foar de twadde kear**
en fage Port Royal yn see
by resten fan de earste beving,
fan keninklik wie doe gjin sprake mear,
Jamaica koe de stêd net keare.
Twa iuwen earder wie de earste kear***
dat skokken Port Royal de see
yn dreauwen op wiet sân dat floeide,
twatûzen rekken doe foargoed yn ’t near,
Jamaica koe de dea net keare.
Foar dûmny Cotton Mather wie it klear,
gjinien koe ’t misse yn syn preek:
‘God sprekt ta minsken hjir op ierde!’
Fan empaty wie doe gjin sprake mear,
Jamaica koe Gods wurd net keare.
* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Ierdbeving op Jamaica,
ûndergong fan de stêd Port Royal’
** Yn 1907
*** Yn 1692
augustus 5, 2018
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It middel om it paad te finen
nei wat is foar bern bestimd,
leit foar de hân en foet: ferkenne,
dan rekket frjemd al gau bekend
en wurdt it bern werberne.
Sa ûnderfûn ek Baden-Powell
wat ferkenne mei him die
as militêr yn ’t Britske leger;
it spul dat hy foar eagen hie,
wie sûnder skot ynteger.
De scout stiet foar selsstannich sykjen
nei it paad foar him bestimd
mei moed, moraal en dissipline,
nea stiet er bleat of yn syn himd,
sil maten oan him bine.
De wrâld giet foar it scoutspul iepen,
hjit elk wolkom yn de taal
fan hân en foet, fan hert en holle,
bern spylje mei yn dat ferhaal…
wa soe it oars ha wolle?
* Foto ‘Robert Baden-Powell’
** Foto ‘Scouts’