Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Mear as ien fan ‘Acht’

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Maurice Prendergast**

Hy hearde by de ploech  fan ‘Acht’,
yn stêd en lân bekend
as griemers mei wat kleuren,
mar Maurice waard dissidint…
de keunstner naam himsels yn acht.

Newfoundland wie syn berteplak,
in eilân as symboal
fan ’t eigen ienlik libben,
net in frou waard syn idoal,
as skilder kaam er ûnderdak.

Persoanlik wie syn skilderstyl
mei kleuren as fluwiel
en foarmen yn patroanen,
dêryn lei er hiel syn siel,
de bûtenkant wie mar in skyl.

Maurice hie oer himsels de macht,
wie nea in ûnderdiel
en mear as ien fan ‘Acht’.

* Foto ‘Maurice Prendergast’

** Skilderij ‘In dei op it plattelân’

admin

Slepend oer de finish

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Wa’t wêze wol lykas Napoleon,
giet yn ferbylding boppe oaren út
en lit syn krêften jilde,
mar hoe rint it yn de maraton?

Dorando Pietri gie fol moed fan start
yn Londen – twa jier earder foel er út -,
mar sjoch hoe’t hy him tilde
boppe oaren út, noch mear as dat.

Olympysk held, it rûn der grif op út,
teminsten as men nei syn rinnen seach,
op healwei noch sa linich,
mar hoe like dat by einbeslút?

Dorando Pietri kaam der slepend oan,
’t jûchhei fan it publyk rûn weach nei weach
as wie it nochal winich,
mar Dorando foel skril út ’e toan.

De rinner koe net op ’e fuotten stean,
waard troch officials nei de finish brocht,
wat hie wol wat fan tillen…
sûnder eare koe Dorando gean.

* Foto ‘Finish fan Dorando Pietri’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum