Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Lawrence fan Arabië

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Lawrence, kolonel fan ’t Britske ryk,
jim strieden tsjin de Ottomanen
yn de earste kriich oer hiel de wrâld,
jim woene, harren macht soe tane.

Lawrence, jimme ha it doel berikt
mei stipe fan de Arabieren,
dy’t yn opstân kamen tsjin it ryk
dat iuwen hearske as oer dieren.

Lawrence, jim ûnthjit wie eigen baas
foar Arabieren, foar de helte
waard it Midden-Easten harren ryk,
want inkeld jim belangen telden.

Lawrence fan Arabië, sa waard
yn letter tiid dyn achternamme,
mar it ûnrjocht hearske yn dyn wrâld,
it Britske ryk hat him nea skamme.

* Foto ‘Thomas Edward Lawrence’
** Foto ‘Arabyske krigers’

admin

Raspoetin

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Raspoetin liet him net bine,
libbe leech en heech, der mar op los,
mei hoeren en mei de tsarina,
as in godsman dy’t genies,
hy liet syn ljocht oan ’t hôf fel skine.

Grigori, syn earste namme,
wenne yn in doarp as boeresoan,
it wurk kaam yn it plak fan skoalle,
ynsjoch makke ’t jonkje wiis,
hy hat him nea foar syn folk skamme.

Net as boer koe hy it fine,
wol as pylger, reizgjend troch it lân;
as geastlik liedsman en genêzer
helle hy lju út ’e tiis,
sa koed er ’t hôf ek oan him bine.

Tsarevitsj Aleksej makke
hy ek better fan syn streamend bloed,
kriich doe de geunst fan de tsarina,
mar de oergeunst fan wa’t wiis
wie mei de tsaar, syn macht ferswakke.

Raspoetin moast him wol bine
litte, hie gjin macht mear oer himsels,
dus likemin oer de tsarina;
brute moard, it wie in griis,
se soene him yn ’t iiswek fine.

* Foto ‘Raspoetin’
** Foto ‘Raspoetin fermoarde’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum