Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Folkebûn

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hie in deadenien de oarloch wûn,
hoewol’t syn lân wol winner wie?
Ferliezers koe men amper telle;
de ierde pûle fan de liken út,
wie yn Europa net mear rûn.

Hiene al dy deaden wol wat jûn
oars as har eigen faai bestean,
dêr’t neibesteanden oer fertelle?
De wiere lieders wiene resolút:
de frede troch it Folkebûn.

Wiene folken sa oan frede bûn
noch sûnder dêrfoar yn te stean,
it bûn koe har noch mear fertelle!
Agressors giene der op ’t lêst wer út,
de nacht kaam nei de tongerjûn.

Hiene libbenen de frede wûn
mei ynset fan de goede rie?
’t Ultime doel hat it net helle:
de twadde oarloch wie it einbeslút,
de ein ek fan it Folkebûn.

* Paleis Folkebûn yn Genève


admin

Spartakus-opstân

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Goed fjirtjin dagen, langer net,
liet Spartakus syn reade tosken sjen,
Spartaansk as Sparta yn ’t ferline;
de Earste Wrâldkriich wie ferlern,
gjin tiid om wûnen te ferbinen.

Foar rêstich oerlis wie ’t te let,
de wapens woene wat te sizzen ha,
lykas dy fan de Bolsjewiken;
it moast op ’t kommunisme ta,
de heilsteat sûnder al dy riken.

Yn Dútslân brieken stakings út,
it wapen fan it proletariaat,
troch ’t leger is op wurkers sketten;
it waard in saak fan haat tsjin haat,
de barrikades skeinden wetten.

Karl Liebknecht, Rosa Luxemburch,
de lieders fan it Spartakus-geweld,
foar har waard it in desyllúzje,
har dagen wiene al gau teld
troch skotten fan de eksekúsje.

* Foto ‘Spartakus-opstân’
** Foto ‘Karl Liebknecht en Rosa Luxemburch’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum