maart 23, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wat kin druk betsjutte
foar in folk yn hege need?
Syn takomst wurdt ûntnommen
as gjin bern it libben hâldt…
hoefolle binne der omkommen?
Sjoch earst yn Egypte,
dêr’t de bern fan Israel
de takomst waard ûntnommen,
sy ferdronken yn de Nyl…
hoefolle binne der omkommen?
Lit no dit ferline
sprekke foar datselde folk
of is it lûd ferstomme
fan it gûlen fan de bern…
hoefolle binne der omkommen?
Sjoch dan no yn Gaza,
dêr’t de Palestynske bern
mei tûzenen opromme
wurde troch datselde folk…
hoefolle binne krekt omkommen?
Wat kin druk betsjutte
fan bûnsmaten by de fleet
as wurden net oerkomme?
Hâldt datselde folk him stom,
smyt yn de Negev tolve bommen.
* Foto ‘Nyl’
** Foto ‘Negev-woestyn’
maart 18, 2024
Wurdt de frijheid kwea beknotte,
stekke earmen himelheech,
wat bliuwt dan oer fan it bestean?
De tinne tûkjes dy’t noch hingje,
troch de hearskippij bespotte.
Liket hjoed dy macht te winnen,
krije earmen it te dreech
om foar de frijheid troch te gean,
dan kinne tûkjes útkomst bringe
yn de strielen fan de sinne.
Lit de sinne de macht krije
om de kjeld fan Oeral wei
te teien foar in waarm bestean,
dan sil de frijheid oan krêft winne,
de sabeare winner swije.