Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Fredesrie

Polityk

fan ûnbekend*

Kom gear, myn fredesdowen,
wjukje nei it Wite Hûs
om oer myn frede te oerlizzen,
de wrâld hat oars net as ferlet
fan my om ’t leger foar te sitten,
ik sil de wierheid sizze.

Men moat gjin leagen leauwe,
wat ik sis, is stjerrend wier,
lit Ruslân, mar ek Hongarije
plak nimme yn myn Fredesrie,
Wyt-Ruslân sil ik ek talitte,
kleur wyt kin sprekken lije.

Lit Israel oer Gaza
sprekke, want dêr is it bard,
lit Ruslân ’t oard ta lusthôf meitsje,
mar earst skinkt Poetin in miljard,
dan help ik him yn Oekraïne,
ik sil foar frede pleitsje.

Yllustraasje ‘Fredesdowen’ 


admin

Winnend Grienlân

Polityk

fan ûnbekend*

It lân is wyt fan suver libben,
tagelyk ek grien fan hoop
op frijheid neffens eigen aard
mei de iisbear as idoal
yn in sfearfol kâld klimaat.

In lân dat stadichoan brún kleuret,
tint fan earder de fassist,
dy’t frijheid faget fan de kaart;
Brún de Bear as it idoal
keart syn kont tsjin it klimaat.

De bear stekt út syn skerpe klauwen
nei it lân fan griene hoop,
ferwachtet fan syn oanfal baat,
wurdt sa ta in iisbear-boal,
gleon is oeral it klimaat.

Oerein, jim dieren fan de ierde,
mei elkoar foar suver wyt!
Stjit Brún de Bear fan ’t winnend iis.
Nea komt hy wer yn syn hoal,
is ynferzen troch ’t klimaat.

Yllustraasje ‘Grienlân’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum