Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Aleksej Navalny

Polityk

fan ûnbekend*

It gif streamt troch rivieren,
troch de Wolga, Lena, Don en Dnjepr,
oer de sirkel fan de poal
om úteinlik út te kommen
iiskâld yn de sel fan Charp,
dêr hat de hel him iepenbiere.

It gif fan Stalin streamde
troch de Dnjepr, liet it folk krepearje
fan de honger, dizze boal
hat miljoenen Oekraïners
ombrocht mei in deadlik gif
dat hy kollektivisaasje neamde.

In twadde Stalin hearsket
hjoed de dei opnij mei streamen gif yn
de rivieren oant de poal
ta, dêr’t held Navalny iiskâld
omkomt yn de hel fan Charp,
wêr’t hiel de wrâld ferweesd fan wearzget.

* Foto ‘Aleksej Navalny’
 

admin

In memoriam Dries van Agt

Polityk

fan ûnbekend*

Hy kaam fan rjochts op it toaniel
en fûn dat hy dan foarrang hie
op links, dêr’t hy gjin acht op sloech,
hy gie syn eigen dryste gong
en appellearre oan de wei fan
Kristus yn it politike fjild
en dêrop trape hy foar wier.

De racefyts hie foar him in siel,
dy’t yn de polityk ek rie
joech, mar wat folle swierder woech,
wie goed of kwea, dy wierheid twong
him protestearjend nei de wei fan
rjocht dwaan op it genoside-fjild
fan Gaza, roppend wat is wier:

Nimt Israel oan ’t moardzjen diel
fan bern, wat is in misse die,
de skiednis seit wêr’t soks op sloech:
it wie op genoside, âld en jong
fermoarde, hjoed de dei de wei fan
Netanyahu, moardner op it fjild
fan Gaza, sa sei Dries van Agt.

Foto ‘Dries van Agt’





Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum