maart 2, 2024
fan ûnbekend*
Read, sjedêr de roazen,
byld fan leafde foar de held
dy’t mei it read foar eagen siet
wylst ûnrjocht oer it folk regearre
om’t gjin minskelibben telt.
Read, it bloed fergetten
fan ûnskuldigen troch kjeld
ferklomme troch in macht dy’t neat
ûntkomt en ek gjinien ûntkomme
lit, gjin minskelibben telt.
Read, de roazen op de
kiste roppe op de held
dy’t elkenien wol wêze kin…
hoefolle moatte der noch stjerre
foar’t in minskelibben telt?
* Foto ‘Roazen’
februari 28, 2024
fan ûnbekend*
Sjedêr de boer yn ús provinsje
en twa boerinnen yn ’t bestjoer
mei har ienkleurige belang
fan foarrang nimme op in oar,
hy is no ienkear boer.
Sân kleuren binne har tefolle,
dy iene kleur is raaigers-grien,
sy gean net foar diversiteit,
fan blommen is gjin spoar te sjen,
de boer hâldt it op ien.
Syn trekker is yn tank feroare,
sjit fjoer en stront út op ’e dyk,
diversiteit fan read en brún,
sân kleuren binne net te sjen,
ferhâldings reitsje bryk.
Sjedêr de homo en lesbienne
en oaren dy’t yn ’t neaken stean
fanwege provinsjaal belied,
boerinnen binne der net foar
om foar mear kleur te gean.
* Foto ‘Reinbôgeflagge’