Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Apollo

Mytebylden

fan Cornelis de Vos*

Apollo, soan fan Zeus en Leto,
twalingbroer fan Artemis,
waard yn ien jier al folwoeksen;
fan syn krêften wie er wis,
hearde daliks by de tûksten.

Apollo syn ferbliuw wie Delphy,
Gaia har orakelplak,
dêr’t ferskate wurden klonken
tusken beide, sterk en swak,
flamjend en oars net as fonken.

Apollo, god fan pylk-en-bôge,
dy’t it slangebist fersloech
om yn Delphy te ferkearen,
troch geweld mem Leto joech
nei ’t ûntearjen wer de eare.

Apollo boude Trojes muorren,
sloech de stêd fûl mei de pest,
stjoerde dy ek nei de Griken,
sadat oerbleau mar in rest,
oeral leine fijâns liken.

Apollo, god fan kleare keunsten,
spile op ’e fluit en lier,
wie besibbe oan de sinne,
skonk de ierde ljochte sier,
rûn der sels as moaiste hinne.

* Cornelis de Vos (1584-1651)
Skilderij ‘Apollo en de Python’

 

admin

Aphrodite

Mytebylden

fan Sandro Botticelli*



Folwoeksen waard se berne
op ’e weagen út it wite skom
en droegen op in skulp nei ’t strân,
har skientme soe gjin god ûntkenne.

Har fuotstap liet de blommen
bloeie op ’en paad nei ’t hillichdom
Olympus, streakjend wie har hân,
oan leafde koe gjin god ûntkomme.

Sy wie ien fan de tolve,
spile ’t leafdesspul mei folle mear
en waard de mem fan mannich bern,
wa wit, miskien wol mear as alve.

Eros wie it jongste soantsje,
mei syn bôge skeat er kear op kear
en rekke ’t hert, sa’t leafde kin,
dat mem hie niget oan har mantsje.

* Sandro Botticelli (1445-1510)
Skilderij ‘De berte fan Aphrodite’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum