Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Apelles

Mytebylden

fan ûnbekend*

Apelles, skilder neffens de natoer,
de grutste fan de âlde tiid,
hie net genôch oan tolve oeren,
hy streke troch mei flyt en fjoer,
dus waard er romme wiid en siid.

De grutte Alexander seach yn him
de skilder fan de nije tiid
om troch ’t portret him heech te achtsjen;
dy beide wiene tûk en slim,
sy waarden romme wiid en siid.

Sels Aphrodite spriek de skilder oan,
goadinne berne út it skom,
sa kaam sy op in skulp te lizzen
as keninginne op ’e troan…
hy kriich fan har de heechste rom.

* Fresko yn it ‘Hûs fan Fenus’ te Pompeii
neffens in skilderij fan Apelles

admin

Antiochus en Stratonike

Mytebylden

fan Jacques-Louis David*

Antiochus wie in jongeman,
fereale op syn styfmem Stratonike,
frou fan foarst Seleukos;
hy koe net ite, wie der stikken fan,
ien koe him helpe, sa die bliken.

Dokters sjogge faak ek yn it hert,
dy fan Seleukos hie de diagnoaze
fêststeld, fong de kening
mei ’t foarbyld fan de doktersfrou yn ’t net,
doe kriich de keningssoan de roazen.

Foarst Seleukos moast syn frou wol jaan
as medisyn oan sike Antiochus;
styfmem Stratonike
koe min oan sa’n ferhâlding noch wat dwaan,
it lei gefoelich, wie net logysk.

* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘Antiochus en Stratonike’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum