september 20, 2016
De wrâld wie lyts, it tichte skerm fan mist stie oeral yn it rûn en ek de stilte hong fan berm nei berm, der kaam gjin inkeld lûd trochhinne, oars net as de stap, dy’t klonk as yn de watten lein, en yn dyselde tiid it bloed, de klop fan ’t hert, al like rap om troch te brekken nei de ein, dêr wêr’t it libben leven joech… en doe, ynienen briek it troch, it blêtsjen, heech en leech, en sjoch, de keppel, kringend nei it stek, sa bang as skiep foar ’t driigjend skerm, joech my wer oan wêr’t ik om socht en djip belutsen by ’t gefoel dat deadske stilte harren brocht, die ik de stap fan dyk nei berm, sa fierder nei it stek en by de keppel wie de driging oer, begûn de stilte op ‘e nij. |
september 20, 2016
Ik sjoch se alle dagen wer, de kij, de hynders en de skiep, se steane hjir en rinne dêr en as se sjogge dat ik rin en stean bliuw om nei har te sjen, dan sjogge se dat ik it bin, bekend fan ’t rinnen en it stean en witte wat ik daliks doch: ik fluitsje, sis in wurd of wat om dan wer fluitsjend troch te gean, wylst yn my omgiet wat der yn harsels sa spilet by it sjen en hearren fan dat grutte bern, dat praat, mar yn in frjemde taal, syn tinken út ‘e holle yn gjin boe-boe, hi-hi of bè-bè, mar docht syn eigen feeferhaal: ‘Jim rinne wer fan stâl nei lân, ‘Jim binne by elkoar, noch wol, ‘Jim lizze, stean of rinne wat, Ik sjoch se alle dagen noch, |