Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frina Pallas

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By gelegenheid fan in fallyt Snitser hotel

Image

Frits en Nanne makken Frina,
it paleis kaam dêr noch by,
Frina Pallas waard de namme,
in hotel, fan âld nei nij,
mar ’t antike waard ek achte,
de Olympus, Grykske berch
fan goaden, Zeus syn stamme,
Frits en Nanne ek dêrby:
de earste as god Hermes
mei in boadskip foar de wrâld
om te leauwen yn de kermis
fan de draai en swaai fan kâld
nei waarm en lit mar rôlje
nei de Hades, ûnderwrâld
foar deaden, froulju, manlju
har ferbiten yn it sâlt
fan Hermes’ goadenamme;
no de twadde, dat wie Nanne,
god Achilles, man fan striid,
dy’t as jonkje by it ankel
al in swakte oprûn hie,
mar wat soe it, noch net wankel,
klom er Hermes achternei
de hichte op en wiid en siid
lei de lichte fan it minskdom
mei syn bodzjen en genot,
dat foar Frina, ik dan do,
te brûken wie en sjoch, Zeusgod
fûn dy twa it gouden duo.

Image

Mar it Pallas op ‘e hichte,
blinkend yn it gouden ljocht
fan âld skynt nij te wurden
en wat skean is, wurdt wer rjocht,
koe it deiljocht net ferneare
dat de wierheid striele út
oer goaden dy’t gjin eare
mear behellen by god Zeus,
dochs se koene noch lûd beare,
wiene goed by sûp’ en stút,
dat Achilles soe him leare
wat de krêft wie fan in reus,
ramaaide om him hinne,
wylst Hermes’ boadskip as in pylk
Achilles’ ankel trof, it minne,
doe wie foargoed it rinnen út
fan man en euro’s tagelyk
en sjoch hoe’t Frina Pallas
Hades waard, de ûnderwrâld,
foar heech en leech de paljas,
soks liet Frits en Nanne kâld,
yn har wrâldsje sûnder duo,
bliuwt noch altyd: ik dan do.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum