Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Om de begraffenis hinne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wiene der noch mear dy moarn
fan de begraffenis as oars:
de krieën oan it sjongen
mei tûzen stimmen trochinoar,
yn ’t fleanen lûd nei hegerop,
wer op ‘e tûken del en dimmen,
it wiene folle mear as oars
dy iere moarn, want heit wie stoarn.

Image

Op it hôf wie hjoed gjin krie,
in deadske stilte lykas oars,
by ’t rinnen inkeld mongen
mei lûden fan it kriezend grint
oant by it grêf de stille rop
fan tuorrebouten mei de stimmen
fan giele plompen: heit syn skip,
dat hjoed oan ’t modderfarren wie.

Image

admin

De twa fan Starum

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De frouwe fan stêd Starum,
wat skôget sy de ieuwen troch
oer ’t wetter om har langstme
nei ’t kostberst wat der is, mar noch
net oan de skiere kimen gloarret,
dochs wat sy no mei oare eagen sjocht.

Image

De sêge kaam foar eagen
fan him dy’t sân pear earen hie:
de rykdom en de pleagen,
wat kostber wie, waard nea wer sie,
mar hy beseach it mei syn eagen:
it aventoer as heechste ideaal.

Image

Sy stiene doe yn Starum
tegearre yn in nij ferhaal
en stoarren oer de weagen,
wylst dreamend op ferlytse skaal
en wat sy yn de fierte seagen…
in dûbelgrut geheim yn byldetaal.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum