|   De stêf en de slange,de geast en it kwea,
 hoe sil it beteare?
 De tiid sil it leare:
 op libben en dea.
 De lusthôf fan Eden,it duorre net lang
 of dêr hiest de kweade
 dy’t flaaike en bearde,
 de rop fan de slang.
 By’t brânende boskjewaard Mozes spoekbang,
 mar God soe him leare,
 neat soe him mear deare,
 de stêf waard in slang.
 De godsstêf fan Mozesjoech Israel moed,
 Egypte moast witte
 om nea te ferjitten:
 it wetter waard bloed.
 It stof fan Egyptehat Mozes ek slein
 mei stêf en mei wurden,
 de moude is wurden
 ynsekten as rein.
 Befrijd fan it lijen,mar ’t ja waard in nee,
 dochs Mozes wist better,
 de stêf boppe ’t wetter,
 in paad troch de see.
 De tocht soe ferrinnemei lek en mei brek,
 mar Mozes stiek tichter
 de stêf nei de hichte,
 fersloech Amalek.
 Dochs doe’t it folk klage,kaam nochris de slang,
 yn gielkoper getten,
 waard Israel better
 en libbe noch lang.
 De stêf of de slange,de geast wint fan ’t kwea,
 it fjoer sil ús leare:
 it gif sil ferkeare
 yn ’t himelske brea.
 
 |