Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neaken fiskje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie dy moarns betiid
dat hy it anker smiet
yn ’t wetter fan de Potten
en doe der achteroan
de hoek mei wjirm of maits,
syn deidream om in protte
te fangen, leafst in iel
polsdik as heldedied,
mar ’t waard in lytse foarn
en wie ’t net om te spotten:
de reagers skelle laits,
de fûgel dy’t dêr siet
tefreden op in peal
nei ’t fangen fan in blei
en’t fretten fan syn miel…

Image

… tefolle foar ien kear,
de rest wie foar de rotten,
bewenners fan it strân
foar lju dy’t like keal
by ’t simmer lizze moatte
as ’t bonkerak op ’t lân.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum