Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan de Davidsstjer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dit is in liet fan ljocht en tsjuster,
dei en nacht mei kleare stjer,
dit is in liet fan hjoed en juster,
altyd wer en hjir en dêr,
dit is in liet fan broer en suster,
Joaden mei de Davidsstjer.

Dêr’t hjoed de dei de Snitsers rinne,
winkel út en winkel yn,
dêr’t steane keapman en boerinne,
hanneljend fan dyn en myn,
dêr giene earder Joaden hinne,
harren synagoge yn.

Hat boartersguod it plak ynnommen
fan de boekrol en de jat,
is doe as kompensaasje kommen
op ’t plak fan ’t swarte gat
de stiennen Davidsstjer as stomme
tsjûge fan de joadske God?

Image

De synagoge hie mear stjerren
as de tsjerken mei elkoar,
men koe op elke sabbat hearre
hoe’t de Joaden giene foar
Gods Wurd en minskedie tegearre
yn de leafde foar de oar.

Mar troch de wike moast it barre,
wurkje foar it deistich brea,
dan ried it folk de hûnekarre
troch de doarpen en it gea
en wêr’t de Joaden ek bedarren,
Davids stjer ferliet har nea.

Dochs skeelde it yn Snits net folle
of de stjer wie ûndergien,
de iene groep woe djipper dolle,
is doe fan de mienskip snien,
it lichem skieden fan de holle
krige stal yn hurde stien.

De Joaden ha doe op twa plakken
frede foar altiten fûn,
de measte deaden binne sakke
mei de foarfaars djip ferbûn,
in sântal grêven ha se makke
yn de algemiene grûn.

Image

De Davidsstjer hat jierren blonken,
doe’t de ienheid der wer wie,
mar mei’t de nazi, fan macht dronken,
gjin begrutsjen mei har hie,
ha Joadestjerren inkeld fonke
oant de alderlêste trie.

Wêr binne hjoed de dei de Joaden
yn de Snitser boargerij,
wêr is de boekrol mei geboaden,
sels gjin jat koe keare ’t tij,
mar as de geast ferslacht de goaden,
blinkt de Davidsstjer as nij.

Image

admin

Bernemonumint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De nammen binne yn it izer getten,
foar ivich lykje se de tiden troch te gean,
dat nimmen sizze kin – ik bin fergetten
hoe’t bern foar hege idealen stean.

Se steane foar it libben yn de hichte
de blauwe himel, fol fan fier ûnthjit,
de stôk is lang, mar yn ferbylding lichter
as ’t fearkleed dat de fûgel fleane lit.

Image

De oanrin is al fleanend nei de fierte,
de fûle ôfset swypket ’t ideaal omheech
om flitsend oer it hichtepunt te sjitten,
dat bliuwt as monumint, gjin bern te dreech.
Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum