Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan de Neltsjeshaven

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De Neltsjeshaven rûn eartiids fan de Badhûsgrêft achter it stedhûs lâns, ûnder de Lytse Tsjerkestrjitte en de eardere finzenis troch, achter de Peperstrjitte lâns, der ûndertroch en sa nei de Wip ta.

Image

De grêften rûnen lykas ieren
troch it lichem fan de stêd
en ’t wetter streamde al dy jierren
as it bloed op slach fan ’t hert.

Sa’t bloed it iten troch it lichem
fiert en it syn krêften jout,
foldiene grêften oan har plichten
fan ferfier en brochten goud.

It goud fan bûter en fan tsizen
streamde yn de Snitser Waach,
de boeren krigen folle beurzen,
soms in stikje yn de kraach.

Sa dronk in Tirnzer boer tefolle,
dy’t se neamden Ynze Bok,
wannear’t er licht waard yn de holle,
steapele er flok op flok.

It bleau dy tiisdei net by flokken,
doe’t de Tirnzer boer mei tsiis
nei Snits foer, sûnder brokken,
oant de grêft net fan de wiis.

Hy stjoerde nei de Neltsjeshaven,
fierderop de finzenis,
en seach op strjitte jonges draven,
wist doe al: it giet no mis.

Syn boatsje glied earst yn it tsjuster
fan it stjonkende ferwurf,
dat ûnder finzenis en strjitte
bôge, oeral like skurf.

En doe’t it deiljocht wer syn eagen
rekke, fielde er in striel,
dy’t waarm him yn de nekke pleage,
’t wie in stjonkend jongesmiel.

Wylst Ynze Bok syn galle spuide,
fleach it jonge folkje fuort
en hoe’t er ek mei flokken struide,
fierder dreau er mei syn guod.

Hy loste by de Waach syn tsizen,
brocht se nei de weagerij
en krige foar syn suvel prizen
dy’t him makken tige rij.

De boer traktearre op in slokje,
’t rûntsje wie foar elkenien,
by ’t sânde âlen se fan: ‘Bokje,
sân, acht, njoggen en dan tsien!’

Nei njoggen siet er wer yn ’t boatsje,
roeide mei syn linkerhân
en fûn de skipperij in soadsje,
song en raasde moard en brân.

Sa glied it boatsje yn it tsjuster,
ûnder Snitser finzenis,
boer Ynze wie it paad doe bjuster,
wylst it reinde fan de pis.

It bloed fan Tirnzer Bok waard sûpe,
breinroer sprong er op ‘e wâl,
it mes dêr soed er har mei strûpe,
sûnder plysje wiisde ’t mâl.

De dronken boer kaam wer yn ’t tsjuster
boppe ’t stjonkende ferwurf,
de sel wie net fan hjoed of juster
en de muorren wiene skurf.

De Neltsjeshaven, wat is ûnder,
wat is boppe? Mei in flok
en djippe sucht, it is gjin wûnder,
’t antwurd komt fan Ynze Bok.

Image

admin

Duo

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

 

Hy stie earst op ‘e stoepe,
wachtsjend op syn maat,
dy moast de trui oanstrûpe
neffens fiskersaard.

Doe stiek er oer nei ’t wetter,
steatlik poat foar poat,
syn maat kaam efkes letter,
skealik oer dy boat.

Der wie wol plak foar beide,
wachtsjend nêst elkoar,
se stoarren wakker nei de
koark, dêr wied er foar.

Mar mear noch foar wat ûnder
wetter bite soe,
noch better wie it wûnder
dat er frette koe.

De lange en de koarte
wiene twa yn ien,
lykas de wetterpoarte,
duotoer yn stien.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum