oktober 9, 2023
Op harren kaam de kym griis oer,
it lot trof elk, stokâld of jong,
twa stiene noch op poaten,
ien hie de ein al yn de bek…
blautong.
De wittenskip kaam sniewyt oer:
de wite reagers yn totaal
sa’n fyftich, heech op poaten,
foar oerlis oer ’t faksin, mar dat
ferhaal…
… kaam net sa maklik oan de ein
mei hjir in kikkert, dêr in mûs,
twa fan wol hûndert soarten,
’t bleau net by trije… deaden by
de rûs.
oktober 2, 2023
Noch gjin sprake fan de hjerst,
dy’t oars al beard hat mei in stoarm
en weagen reitsjend kant en wâl
mei kâns op in oerstreaming,
wat resultearret yn alarm.
No sprekt noch wat al west
hat op in simmersk moaie moarn
doe’t op ’e mar in ljochtbaan lei:
it wetter as de spegel
foar ’t haadljocht, dûbele ikoan.
Stel no op in manifest
tsjin simmerhjitte yn de hjerst,
sa rekket wetter kant noch wâl,
komt drûchte yn beneaming
foargoed, rampsillich as de pest.
* Foto ‘Opkomst fan de sinne’