oktober 23, 2023
De moarntiid nûget freonlik út
om hiel de greide te ferkennen
op ’e siik nei pôlen gers
om de mage syn gerak te jaan,
it fjild biedt elk rom baan.
De kleur is dan net fan belang,
skiep hoege dêr net oan te wennen,
want it fjild is rom genôch,
elkenien fynt dêr syn eigen plak,
fielt him op syn gemak.
Sels as de romte him beheint
ta griene amer, is der plak foar
trije, sûnder slach of stjit
stiet it skiep de hiele dei model,
foar him is elk yn tel.
oktober 16, 2023
Mei freonen fleach er yn formaasje
mei de krekte ôfstân fan elkoar
op oantrún fan de genen,
har ynwindich ynstrumint,
sa wiene sy it wend.
Se fleagen mei deselde faasje,
snetteren yn koar, ek lykas oars,
dêr koe it net oan lizze,
hoe’t it kaam, waard nea bekend,
it gie sa’t it soms rint.
Men gie earst út fan de sensaasje
fan in puber mei syn gekke kop,
mar doe’t se him dêr lizzen
seagen, wie ’t in flinke fint,
in deade waard bemind.
Sa rekke hy yn hege graasje,
heger noch as hy yn ’t libben fleach,
wat lei him oan syn genen,
it perfekte ynstrumint,
dêrom syn monumint.