december 18, 2023
Tusken lette hjerst en winter,
op ’e grins, as wetterkjeld
net oergean wol yn suverheid,
de stilte fan in wyt begjin,
is hy stean bleaun, alhiel fersteld.
Tusken bosk en feale greide,
oan de râne fan de wrâld
dy’t duorjend driget mei gefaar
fan ’t skot fan homo sapiens,
stiet hy dêr, rjochte op behâld.
Syn behâld is hastich flechtsje
as syn grûngebiet beset
wurdt troch de fijân mei ’t gewear;
de oergong nei in wis bestean
stiet minder fêst, bestiet faak net.
december 4, 2023
De winter struide mei wat snie,
te min om op te ljochtsjen grûn
en beam, de bjirk die wol syn bêst
as hege kears, mar sûnder flam,
hy naam syn winterrêst.
Oranje joech hjoed noch wat kleur
oan ’t lânskip, oars as goudsjeblom,
de bjirk seach ’t oan, hie gjin ferwar,
de seage roetste troch de stam,
gjin beam hie dan noch kar.
Hy siigde stadich nei de grûn,
de tûken gûlden ’t kreakjend út,
it snijflak blette tusken giel
en wyt, de bjirk lei gau al lam,
ferlear dêrnei syn siel.