Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Fan menhir nei timpel

Lyrysk Deiboek


Portugal troch iuwen hinne
’t lân dat socht de hichte op,
fan flakte nei de heechste berch,
sa foarme sûnder minskehân,
de tsjûge dêrfan is de sinne.

Portugal, lân dat bewenne
waard, troch wa wie ûnbekend,
mar menhirs tsjûgen fan ’t bestean
fan minsken mei in sterke hân,
sy lieten harren hichte kenne.

Portugal, lân fan Romeinen,
spyljend heech foar master op,
heech rikkend ek nei Jupiter,
de timpelbou troch minskehân,
wat menhirs al foarseinen.

admin

Brutsen bylden

Lyrysk Deiboek


De sinne komt hjoed prachtich op,
sa liet de waarfrou fleurich witte,
ik wie benijd, rûn by it wetter lâns,
de spegel fan de himel, dûbelop
it sicht, sy kriich gelyk.

Dus bleau ik stean, in slagge stop,
ik seach de himel bloedread kleurjen
mei op ’e foargrûn swart as skerp kontrast,
myn spegel sette alles op ’e kop:
in bombardearre wyk.

Ik stie ferstive fan dit byld,
it waard my read en swart foar eagen,
mar ’k seach noch wol de spegel mei in barst,
de grime spile op, de kop waard wyld
fan bylden… brutsen… bryk.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum