Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Supermoanne

Lyrysk Deiboek


Lit de moanne super skine,
troch gjin ierdske wolk beheind
fan ’t egoïstysk stribjen nei
‘hjoed ferlizze wy de grins,
moarn nimme wy matearje mei’.

Bring de moanne net út lykwicht
sa’t de ierde ûnderfûn
troch ’t egoïstysk stribjen nei
‘hjoed ferlizze wy de grins,
moarn geane wy ús eigen wei’.

Lit de moanne alle lannen
witte dat it super is
om sels syn eigen wei te gean:
nij of twa kear heal of fol,
hy hat altyd syn ljocht oanbean.

admin

Toppunt fan leauwe

Lyrysk Deiboek


Hoe kin men op it toppunt komme
fan it leauwe yn it lok
fan alle minsken yn de stêd
dêr’t skieding lang de oerhân hie,
wat hie mear fan in flok.

Slaan steigers on safier te kommen
dat de glâns fan eigenheid
wurdt sichtber yn de hiele stêd,
yn harmony mei ’t kariljon
wint iepenheid it pleit.

De oprop klinkt om hjir te kommen,
want Martinus liet ek sjen
en hearre hoe’t it leauwe heart
te wêzen: iepenheid foar elk,
oars as in sletten clan.

Sa kin men op it toppunt komme:
nei de steigers iepen hûs
foar folk dat nei de oprop heart.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum