Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Simmer yn de hjerst

Lyrysk Deiboek


Noch gjin sprake fan de hjerst,
dy’t oars al beard hat mei in stoarm
en weagen reitsjend kant en wâl
mei kâns op in oerstreaming,
wat resultearret yn alarm.

No sprekt noch wat al west
hat op in simmersk moaie moarn
doe’t op ’e mar in ljochtbaan lei:
it wetter as de spegel
foar ’t haadljocht, dûbele ikoan.

Stel no op in manifest
tsjin simmerhjitte yn de hjerst,
sa rekket wetter kant noch wâl,
komt drûchte yn beneaming
foargoed, rampsillich as de pest.

* Foto ‘Opkomst fan de sinne’

admin

De wierheid fan it reid

Lyrysk Deiboek


Lit de natoer syn gong gean
fan de winter nei de maitiid,
fan de simmer nei de hjerst,
der hat gjin oare oarder west.

De hjerst krûpt troch de blêden
mei ’t palet mei kleare tinten
om noch efkes kleur te jaan
foardat depresjes har slach slaan.

Lit it reid syn gong mar gean,
nei de groei ree foar it snijen,
dêrnei foar in nij bestean,
it klaait it tek yn tsjokke klean.

Dat it minskdom sparre bliuwt
foar depresjes yn de fjouwer
tiden fan it jier, ’t is reid
dat dûbelop de wierheid seit.

 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum