Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Brutsen bylden

Lyrysk Deiboek


De sinne komt hjoed prachtich op,
sa liet de waarfrou fleurich witte,
ik wie benijd, rûn by it wetter lâns,
de spegel fan de himel, dûbelop
it sicht, sy kriich gelyk.

Dus bleau ik stean, in slagge stop,
ik seach de himel bloedread kleurjen
mei op ’e foargrûn swart as skerp kontrast,
myn spegel sette alles op ’e kop:
in bombardearre wyk.

Ik stie ferstive fan dit byld,
it waard my read en swart foar eagen,
mar ’k seach noch wol de spegel mei in barst,
de grime spile op, de kop waard wyld
fan bylden… brutsen… bryk.

admin

Fjoer op oalje en gas

Lyrysk Deiboek


Lit de himel stean yn fjoer en flam
fan oalje rekke troch in drone
dy’t wraak naam op raketten
ynslein op ûnskuldich folk…
hoefolle binne al net stoarn!

Samar stjerre troch massale moard,
yn himelsnamme net gewoan,
wol neffens oarlochswetten:
wen deroan, it is de skuld
fan ’t folk dat stiek de oalje oan.

Lit de oalje opgean yn de reek
dy’t stjonkt ûnhuer nei wreed geweld
fan militêre petten,
heech it hert fan oeral gas,
dat roebels foar de wapens telt.

Samar kin it gas de loft yngean
wannear’t de drone ek dêr ynslacht
om ’t yn de brân te stekken,
dêrnei waait de kjeld oer ’t lân,
ferstivet Ruslân dei en nacht.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum