april 8, 2024
It moast der wol fan komme
nei’t de stream ta stilstân kaam,
sadat de trochgong dreau,
net trochgie nei it sammelpunt,
dêr’t jierren lang de massa bleau.
Dus moast der groeven wurde
troch de jongste fan it pear,
dy’t ek al tachtich wie,
hawar, foar him wie dat gjin punt,
want hy gie troch: nei ’t wurd de die.
Hy stiek de skeppe djipper
as in heale meter yn
de grûn noch sûnder dat
er stjitte op it middelpunt
fan ’t lid… it wie al in djip gat.
Al hymjend groef er fierder
oant syn rêch in seintsje joech:
‘Mei tachtich yn de bocht
komst op in brek-, dus kritysk punt,
giest troch, dan kom ik net mear rjocht!’
april 1, 2024
In markol is te lyts
om him folslein te spegeljen
yn ’t wetter tusken ’t einekroas,
it is net oars.
Wol oars is ’t foar de swan,
dy’t spegelet yn hear en fear
him yn it wetter bûten ’t kroas,
hy libbet oars.
De dei is al begûn
foar’t hy de eagen iependocht,
de markol is dan al yn ’t spier
en fret al ier.
Betiid is ’t foar de swan
as hy de fearren spegelglêd
oppoetst, de markol slacht gjin acht
op priel en pracht.