Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Oer de ein

Keunst

fan Oskar Kokoschka*

De Nazi’s ha my op ien ein,
de ein fan myn bestean yn kleur,
har tinken oer ekspresje
lit gjin romte foar wat oars,
sjoch hjir… ik bin noch net ferslein.

’k Bin troch barbaren op ien ein,
wat is te sjen oan myn gesicht,
de grime as ekspresje:
eachopslach en iepen noas…
dêrmei is noch net alles sein.

Foar my is dit noch net de ein,
ik fiel it as myn djoere plicht
te striden foar ekspresje
út ’e djipte fan de geast,
dy ha ik yn myn kleuren lein.

* Oskar Kokoschka (1886-1980)
Skilderij ‘Portret fan in ‘ûntaarde keunstner’’




admin

Tichtby lytse Jehannes

Keunst

fan Jan Veth*

Tichtby it brein it fjoer
fan syn sigaar
as ynspiraasje
foar Jehannes,
lyts fan stal,
hy sjocht syn wrâldsje oer.

Tichtby it skriuwpapier
de rjochterhân
foar tal fan sinnen
oer Jehannes,
dy’t al sjocht:
myn fantasy is wier.

Tichtby it jonge bern
tinkt Frederik
van Eeden djip nei
oer Jehannes,
hoe’t dy sjocht
en docht wat hy al kin.

* Jan Veth (1864-1925)
Skilderij ‘Frederik van Eeden
oan syn skriuwtafel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum