augustus 12, 2021

fan Herndrick ten Oever*
De sturt hat er beholden,
mar dy is no sûnder krol,
foar him in boartlik elemint,
dat altyd yn beweging rekke
as hy spile smoarch syn fretters-rol.
’t Bestean is him ûntnommen,
want hy hinget oan de heak,
net langer yn syn elemint:
de drek fan sturt oer rêch nei nekke
is foar bargen bêst, net gau te weak.
It bêste is beholden:
bargepoaten en it spek,
de bongel, boartlik elemint,
is foar de bern om op te blazen,
folop lucht deryn yn plak fan drek.
* Hendrick ten Oever (1639-1716)
Skilderij ‘De slachte baarch’
augustus 5, 2021

fan Joseph Benoît Suvée*
Gjin skaad kin sûnder ljocht,
de sinne deis, de kears by nacht,
it rint mei dier en minske op,
stiet nea deastil, is nea kearsrjocht,
it libben stiet model.
Sy seach har mei it skaad
bewegen, stie op slach doe stil
en kriich ’t idee: ik bin model
om fêst te lizzen mei in maat
mysels… mar stean ik stil?
Har maat hold har stiif fêst,
’t kaam del op langer deastil stean
as mar in tel, dus elke spier
stie spand, sadat gjin streek kaam nêst
it skaad… ’t waard in primeur.
* Joseph Benoît Suvée (1743-1807)
Skilderij ‘De útfining fan de tekenkeunst’