augustus 26, 2021

fan Antoon van Dijck*
De eagen rikke nei de hichte,
wylst it burd wiist fierwei del,
wêr kin in muonts de wierheid fine…
is it net de himel, dan de hel.
De rûge streken binne flechtich
doe’t syn kop kaam op papier,
trochskinend ljochtsje op ek letters,
foar it each tichtby mei himelsk sier.
De ynhâld jout in oare lading:
jild, bekend as ’t ierdske slyk,
matearje kin it minskdom bine,
foar de measten is der gjin ûntwyk.
De muonts lykwols hat ea ûnthjitten:
‘Mei maat Earmoed rin ik op,
gjin selskip ûnderweis is better,
ûnder bliuwt yn lykwicht mei de top.’
* Antoon van Dijck (1599-1641)
Skilderij ‘Stúdzjekop fan in muonts’
augustus 19, 2021

fan Jacques Linard*
‘Sjedêr wat wurdt fan
al ús moaie dagen’,
wurden op in lyts papier,
dy’t alles sizze oer ’t bestean
dat faai stiet, let of ier.
De holleplasse
hat gjin ynhâld, djipgeand
tinken is der net mear by;
as skilder kleurje ik ’t bestean
as wie ’t sawat foarby.
In faas mei blommen
fan de lêste dagen,
hingjend fan in djip fertriet,
in flamke om rap út te gean,
wat foar it lêste stiet.
Myn boek wurdt sletten,
wat ik al fernimme
kin oan dagen sûnder sin;
as skilder wol ik fierder gean
salang’t ik tinke kin.
* Jacques Linard (1597-1645)
Skilderij ‘Fanitas-libben mei kears’