april 8, 2021
fan Vincent van Gogh*
Vincent Willem…
noch mar krekt de eagen iepen,
omke sizze kin er net,
ik sis syn namme kear op kear
en sprek mysels dêrmei ek oan,
in ienheid en in pear.
Vincent Willem…
wylst it jonkje leit te sliepen,
pak ik ferve en palet
en meitsje my mentaal ek klear,
hy krijt fan my in blommekroan
as ienheid, mar ek mear.
Vincent Willem…
omke brekt de blommen iepen,
want oars is it faaks te let
of te betiid, ik wit net mear
fan tiid en plak, fan hjoed en moarn…
dit skilderij is klear…
… foar dy fan my,
omke hat him net fersliepen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Tûken fan in bloeiende amandelbeam’
april 1, 2021
fan Juan Gris*
Sjoch no wat ik hjir doch
mei tafel, boek en krante,
se steane skean of foar in part,
sa’t ik it foar mysels besjoch,
men kin it skôgje fan mear kanten.
Sjoch do it fan dyn kant,
dan kinst der mear fan meitsje
as ik der hjir fan makke ha;
dyn fantasy moatst brûke, want
dan silst it hert fan minsken reitsje.
Doch do wat yn de skaal,
yn ’t glês kinst ek wat jitte,
dyn eigen foarkar foar myn part,
dan skriuwst yn ’t boek in blau ferhaal
en wolst wat út ’e krante witte…
… jou sels oan wat noch wearde hat.
* Juan Gris (1887-1927)
Skilderij ‘Fruitskaal, boek en krante’