Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Drinke op it bod

Keunst

fan Jacques-Laurent Agasse*

Dêr stiet er yn syn lange jas
en op it hier de hege hoed,
eksoatysk foar de Arabieren,
dy’t yn rok en mantel stean,
it giet om harren dieren.

Op hege poaten stiet it dier
mei op ’e romp de lange hals,
eksoatysk foar de westerlingen,
dy’t foar ’t allochtoane gean:
in bist mei brike ringen.

It bûcht de kop en jout him oer
oan Edward Cross syn hannelsgeast,
eksoatysk foar de Arabieren,
dy’t fersteld stean fan it bod,
royaal om feest te fieren.

De reis wurdt lang foar de sjiraf
en ûnbekend is it gebiet
dêr’t Cross him oan de adel skinke
sil, sa is it dier syn lot,
dus lit him earst mar drinke.

* Jacques-Laurent Agasse (1767-1848)
Skilderij ‘De Nubyske sjiraf’

admin

Prippe yn it liif

Keunst

fan Vasili Andrejevitsj Tropinin*

Ik wit krekt wat it is:
net baas oer ’t eigen liif
te wêzen, foar in oar oan ’t wurk,
dei út dei yn foar ’t deistich brea,
foar ’t bestean gjin wike wis.

Ik wit no wat ik mis:
de rêst, want ik ha ’t liif
foar altyd krigen foar mysels,
dei út dei yn bin ik oan ’t wurk,
wat foar ’t brea net nedich is.

Sy mist har frijheid ek,
har fingers wurde stiif
fan alle dagen op en del,
it goud is foar de hegerein,
dy’t sy pript by elke stek.

* Vasili Andrejevitsj Tropinin (1776-1857)
Skilderij ‘Goudstikster’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum