februari 10, 2022
fan Albrecht Dürer*
Sy dogge ’t binnendoar
en jouwe har fan boarsten
oant it skamhier bleat,
mar skamje harren net,
sa baaiend, foar elkoar.
Elkoar ha sy yn ’t each,
mar ’t stekt net lykas sjippe,
brûkt fan top oant tean,
sy wurde hjir net brûkt,
mar bûten is ’t in pleach.
Sy dogge ’t bûtendoar
mei foar it spul in lapke,
dat slop hingjen bliuwt
as keardels by elkoar,
gjinien sjocht nei de oar.
Mar lit in frou har sjen,
dan spylje sy foar master
op… oerein dat spul!
It is gjin flauwe kul,
want hy is te besjen.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Tekening ‘It bad fan de froulju’
Gravuere ‘It bad fan de manlju’
februari 3, 2022
fan Peter Paul Rubens*
fan Antoon van Dyck**
Se sizze ik ha de pretinsje
út te stekken boppe ’t folk,
se neame my in Grand Seigneur,
mar kom ik oer mei fleur yn kleur?
Ik mei der wêze as de skilder
dy’t foar pommeranten tolk
is, mar ik fyn dêr is neat mis
mei, ’t is no ienkear sa’t it is,
Tink net dat it my ûnferskillich
is hoe’t ik nei foaren kom,
ik bin no ienkear sa’t ik bin:
in bears mei noch in ekstra fin.
Dat witte ek kollega-skilders,
Antoon draacht by oan myn rom,
hy sette my op it portret:
sa is ’t… de hân ha ’k op it hert.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Selsportret’
* Antoon van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Portret fan Peter Paul Rubens’