januari 13, 2022
fan Felice Casorati*
Syn tiid hat hy wol hân
as widner en as heit,
syn eagen stoarje troch it rút,
de wrâld is wurden ta in feit.
Yn hannen leit it boek,
’t bestean is suver ticht,
hy hat sawat syn skiednis út,
wat is te sjen oan syn gesicht.
Har hân leit op syn earm,
as dochter hat sy noed
oer him no’t syn bestean hast slút,
’t giet fierder op ’e âlde foet.
De frou stiet achter har,
as mem swijt sy foargoed,
kriich twa jier lyn de lêste tút,
joech him har dochter op ’e noed.
* Felice Casorati (1886- 1963)
Skilderij ‘Dûbelportret’
januari 6, 2022
fan Francisco de Goya*
De boulju dy’t it fak ferstiene,
wiene mei har trijen oan it wurk,
noch oan ’t begjin fan ’t bouwurk
mei allinnich mar it houten ramt…
it barde ûnder ’t driigjend swurk.
De earste stie it alderheechste,
want hy wie it langste oan it wurk,
in man mei ûnderfining,
dy’t fan hichtefrees neat wist…
it barde ûnder ’t driigjend swurk.
Ynienen seagen se him fallen,
beide maten, oan de ein fan ’t wurk,
sy droegen him fan boppen,
wisten neat fan ’t lichemsramt…
it barde ûnder ’t driigjend swurk.
* Francisco de Goya {1746-1828)
Skilderij ‘De ferwûne boufakker’