juli 14, 2022
fan Gerard Dou*
Sy is noch jong,
mar yn har dwaan al âld genôch
om fan ’t bestean te witten
dat se foar it miel gean moat,
dus bliuwt se net stilsitten.
Sy is al thús
fan alle merken, fan it wyld,
de fûgels en de fisken,
mar ek wat se dêrmei moat,
’t begrutsjen is sa wiske.
Sy is al âld
genôch om woartels oan te sjen
foar wat mei seks te meitsjen
hat, te jong noch dat it moat
om no al swier te reitsjen.
Sy hat al each
foar kreaze jonges op ’e merk,
foar wa’t al hazzen sjitte,
om’t soks foar in rynsk miel moat…
moat sy dat sjitte litte?
* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘De keuekenfaam’
juli 7, 2022
fan Andreas Schelfhout*
Al is de sinne ûndergien
en stean de wjukken oeren stil,
de winter nûget ek by nacht,
wat party minsken goeddwaan sil.
De ponge oan de broeksriem fêst,
de redens ûnder, rap al dien…
gjin baan dertroch, dus jou goed acht
op skuorren… hast de hint ferstien?
Te gek om alles te ferstean
by nacht, de mûtse keart it lûd,
behalve ’t skrassen fan it iis,
dat sjongt en jout de boarger moed.
Sjedêr, myn ingeltsje by nacht,
dat diske stiet ús yn it paad,
dus set dy skrep, oars is ’t in griis,
want redens ha by ’t rêsten baat.
Wol deale, ’k lis hjir op ’e bealch,
in skuor, seist, dat dy hjir krekt is,
myn ponge hat in bonkbrek keard,
mar fuort is ’t jild, rêst rinst no mis.
* Andreas Schelfhout (1787-1870)
Skilderij ‘Winterlânskip by nacht’