mei 5, 2022
fan Jean-Léon Gérôme*
Se fleane fûgelfrij,
de dowen fan it plein,
dy’t wjukje yn in flecht
mei yntuysje sûnder ein.
De ein is derfan wei,
se fleane ôf en oan,
de wjukken klappe foar
de hiele harem mei fertoan.
Se litte harren sjen,
as froulju fan komsa,
dy’t wer nei bûten gean,
om ’t sy in swak foar fûgels ha.
Se struie mei it hert
har goederjouskens út,
benije soms de flecht
foar’t achter har de doar wer slút.
Sy binne fûgelfrij
wannear’t it tsjuster is
en hy kiest ien derút,
syn inkeld skot is altyd wis.
* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Harem-froulju fuorje dowen’
april 28, 2022
fan Hjeronimus Bosch*
Wa leaut der no noch yn de hel
as ’t ierdske libben, swier fan kwea,
foargoed de ein berikt hat,
mar is dêrmei de hel ek dea?
Sjoch hoe’t de hel wie noch yn tel
de iuwen troch as ’t deistich brea,
dat deabenaud wie ’t minskdom
foar ’t slim kastijen fan de lea.
It gie earst by de hichte del,
de geast joech dêrby steun noch stjoer,
moast him oan satan oerjaan,
it lichem rekke yn it fjoer.
It leauwe yn de hel is oer
as men de echte bylden sjocht,
net leaut yn nep-berjochten…
de hel op ierde, nea oan tocht?
It Kremlin is it haadkertier
fan Lúsjefer dy’t folgers stjoert
om ûnskuld te kastijen,
syn fjoer ferskroeit geduerich bloed.
* Hjeronimus Bosch (sirka 1450-1516)
Skilderij ‘De hel’