oktober 20, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Rembrandt van Rijn*
De opdracht kaam fan kaptein Cocq, ’t wie yn de fleur fan ús bestean, ik tocht myn Saskia hie noch te gean in libbenlang yn ’t ljocht fan clair-obscur, sy wie myn leafde en myn lok, ’t palet fol kleuren, klear en puer. ’t Kaam as befel, ik stie foar ’t blok: Mei ’t sketsen hie ‘k it fleanend drok, De dei kroep nei de jûn, de nacht ** Rembrandt van Rijn (1606-1669), |
oktober 20, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Francisco Goya*
Wat ha ik noch te sizzen yn de alderlêste tel? It bin ien út it sljochte folk, in Spanjaard sûnder franje, libjend, fjochtsjend, haatsjend like fel, want Napoleon sil lizze troch de grime fan myn dolk dy’t stekt him djipper yn de hel. Dit ha ik noch te sizzen: lang libje Spanje! Mei it teken yn de hân, It fljocht foarby de eagen Mei in teken om de krún, * Francisco Goya (1746-1828) ** Edouard Manet (1832-1883)
|