Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Aaidûns

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Aertsz*

Image

Hoe fleurich jout it byld him oan
mei krûken, bôle en in aai
en folk dat spilet, sjongt en laket
om it dûnsjen fan de pubersoan.

De drinker hinget achteroer
en dizich sjocht er nearne nei,
wylst fingers geil it boarst betaaste,
sjongt er fan de hoanne út ‘e koer.

De spiler op ‘e doedelsek,
de mûle kliemsk as bôledaai,
lit lange pipe drippend hingje
krekt as wie syn eigen fluitsje lek.

De pubersoan wit hoe’t de dûns
is fan de nap en ’t hiele aai,
ferbyldet sa de sekssymboalen;
brekt de dop, dan kriget hy de bûns.

Image

De Fryske aaidûns is yn ’t fjild
om ’t nêst fan ’t iere ljipke;
wa’t it earste aaike tilt,
belibbet it as tripke,
dûnsjend nei de pommerant.
Mar moatte ljipkes boetsje?
freget fûl de oare kant,
wylst dûnsjend om it broedsje.

* Pieter Aertsz ( 1508-1575) waard berne yn Amsterdam.
Nei’t er in perioade yn Antwerpen wurke hie,
kaam er werom yn syn bertestêd, dêr’t er yn 1557
‘De aaidûns’ skildere.
De dûns hat in eroatyske betsjutting.
It skilderij sels sit ek fol mei eroatyske symboalen.

admin

Op ‘e ree fan Texel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ludolf Bakhuysen*

Image

Se lizze klear by Texel
mei kanonnen út it board
en flagjend foar de eare,
dat is heite oarlochsfloat.

Grutsk stiet er op ‘e hichte,
wizend mei it skerpe swurd,
fan gloarje kin er beare,
steil klinkt heite oarlochswurd.

Image

Sy sit op ’t strân te wizen,
pratend oer har noed yn ’t moed ,
de takomst sil it leare
oer it bern fan memme bloed.

Hy stekt de stôk nei boppen,
lytse baas oer eigen hûn,
syn langstme, net te kearen,
weaget alle seeën rûn.

Image

Dat is Hajo mei it ljochte hier,
syn laits klinkt no al withoefier,
hy meunsteret oan by Bontekoe,
mar wit fan ’t skip it wat noch hoe.

As de wylde see syn master wurdt,
dan leart er withoeheech en -hurd
fan ra oant kyl it seemansfak
en bringt syn moed him wer teplak.

* Ludolf Bakhuysen (1631-1708)
waard yn Dútslân berne, mar learde
yn Amsterdam it skildersfak.
Hy skildere yn 1671 skippen
op ‘e ree fan Texel.
Op syn skilderijen is faak lân
op ‘e foargrûn te sjen
mei alderhande tafrielen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum