Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De wiersister

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lucas van Leyden*

Image

Sy leauden hillich yn Marije,
stieken har fier boppe froulju út,
mar seagen op har eigen libben del
dat leechlein waard as inkeld lijen,
foar de duvel as te gripen bút
mei as beslút de hel.

Dêr sit se dan as wie ’t Marije,
’t antlit wyt en op it boarst in krús,
de skurte fol ferwachting, strak de bân.
Wa mei har sa net sjen en lije,
want sy bringt ús út it lijen thús,
de takomst yn de hân.

Sy leauwe ’t leafst yn twa Marijes,
beide sizze wat is wis en wier
oer hoe’t har wiffe libben fierder rint,
want hjoed wurdt sein wat goed en nij is,
hel en duvel skele har gjin sier…
is hy it dochs dy’t wint?

* Lucas van Leyden (1494-1533)
wie grafikus en skilder.
Yn 1521 reizger er nei Antwerpen,
dêr’t er de ynfloed fan
Albrecht Dürer ûndergie.

admin

De kwaksalver

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerard Dou*

Image

Ik, skilder, hingjend oer ’t kezyn,
wit alles fan dit harkjend folk
en fan de salver mei syn praat
oer kwalen dy’t syn medisyn
ferdriuwt lykas de wyn de wolk,
mar ik wit, alles is mar skyn.

Ik ha him yn de ferve set,
syn eagen prykjend nei ’t publyk,
de lippen wiet fan ’t glêde praat,
yn ’t reagearjen nea te let,
de hân dy’t rynsk de salve strykt,
in kwak foar elke siel en smet.

Net alles eaget as mar skyn,
it folk ferbyldet werklikheid:
de mem dy’t strykt oer poppes naad,
it grize wiif as soere tryn,
de boer dy’t mei de kroade rydt,
mar elk is foar it salvjen blyn.

Mar ik as skilder bin it net,
want wat ik by de muorre sjoch,
dat striek ik stikem yn it skaad:
in jonge mei in reade pet,
gjinien hat noch syn streken troch,
hoe’t hy de beurs fan tryn beset.

* Gerard Dou (1613-1675),
learling fan Rembrandt,
waard mei syn skilderjen
fan sekuere details
de grûnlizzer fan
de Leidske skoalle.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum