Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Middei

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ivan Ivanovitsj Sjisjkin*

Image

De moarn joech oan in hjitte dei
en dikke kerrels yn de ier,
foar rispinge sawat al klear;
it lânfolk gie betiid op wei,
want harren fjild lei withoefier
en letter hoegde it net mear.

Doe’t yn de middei ’t swurk berûn
en tongerkoppen wâlen heech,
fûn ’t lânfolk yn in hut beskûl;
se hearden hoe’t de tonger wûn
oan lûd, in bui dy’t like steech
wie as sysels, mar oars fan doel.

En doe’t it blau waard oan it swurk,
kaam ’t lânfolk út ‘e skûlhut wei,
nijsgjirrich nei wat harren bûn;
gelokkich dat it deistich wurk
net delslein op ‘e fjilden lei,
bejoegen se har nei de jûn.

* Ivan Ivanovitsj Sjisjkin (1832-1898)
wie in Russyske lânskipsskilder
dy’t monumintale doeken makke.

admin

Blomstillibben

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan van Huysum*

Image

Hy miste noch in giele roas
en drippen fan de dau,
dus stjoerde hy de boade
gau derút foar dei en dau,
want binnen kin ’t net oars.

Hy lit de blommen sjonge ’t liet
fan sjoch en rûk ús fleur
op allerhande toanen,
kleare komposysje dy’t
’t gefoel tilt nei majeur.

Wylst Bacchus boartet op ‘e faas,
stiet Floara op har stik
om ’t stik te dirigearjen,
binnen klinkt de tiid syn tik,
de keunst is hjir de baas.

Mar ûnder wolken stiet it oars,
dêr streamt it troch it grien
as ’t liet fan ivich rûzjen,
wylst de floara klapt as ien
op ’t ritme fan de roas.

Image

* Jan van Huysum (1682-1749),
dy’t syn oplieding krige
fan heit Justus van Huysum,
wie in skilder fan stillibbens.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum