Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sinsûndergong boppe moeras

Keunst
PDF Print E-mail
fan Savrasov*

Image

Ruslâns lânskip dat gjin grinzen ken
as inkeld kimen dy’t ferskowe
troch it einleas rinnen, min te sjen
de spoaren dy’t derûnder stowe.

Wurdt de sinne wei yn it moeras,
dan bliuwe oer de reade spoaren
bloed fan blierren, wylst de brobbels gas
de azem wie fan koart tefoaren.

Dan de Fryske klaai dy’t ûnderweis
de opgong spegelet fan de sinne,
dêr’t in rjochthoek mais riist simmerdeis
en skonken einleas rinne kinne.

Image

* Savrasov (1830-1897) wie in Russyske skilder
dy’t oan de Skoalle foar de Keunsten yn Moskou
lesjoech yn de lânskipsskilderkeunst.

admin

Prinsesse Sofja Alekseevna

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Dêr stiet se dan, prinsesse Sofja,
finzen yn in kleastersel, har kou,
fanwege oarloch mei broer Peter:
heechferrie yn Ruslân fan in frou
dy’t flammet, want se wol har rjocht ha.

Foar lytse Peter regintesse
wie se heech yn oansjen yn it ryk,
sy woe it by it âlde hâlde
mei ’t elitekorps, mar ûngelyk
wie ’t striden fan de troanprinsesse.

No stiet se dêr mei strakke mûle,
earms dy’t klamme om it hymjend boarst:
it jonkje brocht de eksekúsje
fan ’t elitekorps… hoe doarst dy foarst
fan neat… nea soe se dêrom gûle.

* Ilja Repin (1844-1930) makke in tal skilderijen
oer ûnderwerpen út ‘e Russyske skiednis, ûnder oare
‘Prinsesse Sofja Alekseevna op ‘e dei fan de deastraf
fan de streltsy en de marteling fan har tsjinners yn 1698,
in jier nei har opsluting yn it Novodevitsji kleaster’.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum