Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sint Joris en de draak

Keunst
PDF Print E-mail
fan Tintoretto*

Image

In Libyske prinsesse
wist net wat har hert oerkaam
dat jage as in flechtsjend laam:
hoe koe har ynteresse,
sa ûnskuldich, ’t kwea ferslaan?

Se hie it witte kinnen
troch de deade op ‘e grûn
as oan it krús fan Kristus bûn.
Wa koe it kwea oerwinne,
skuldich oan wat har oerkaam?

De draak hie ’t lichem nommen,
earst ferkrêfte mei syn fjoer,
ferslynd har geast, ûnskuldich foer,
as net Sint Joris kommen
wie om him de dea te dwaan.

It lânskip siket kimen,
heger noch it rotskastiel,
it fiert it each nei ’t felle giel
om Joris’ die te rimen
mei de Skepper yn syn dwaan.

* Tintoretto (‘ferverke’ nei it berop
fan syn heit dy’t ferver wie)
is de bynamme fan Jacopo Robusti
(sirka 1518-1594).
As jonge al beskildere hy de muorren
fan syn âlderlik hûs.
Hy woe tekenje as Michelangelo
en skilderje as Titiaan.

admin

It lêste oardiel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Michelangelo*

Image

Dante hie de sielen al beskreaun:
dy’t lokkich libben himelheech,
de tuskenbeide yn it fagefjoer
dy’t wachten oant har dip wie oer
en ’t folk nei helleflammen dreaun,
in ivich lijen, duvelsk dreech.

Michelangelo hie seis jier wurk
mei alle lichems yn de sweef,
karakters, eal en kwea, in grut ferskaat,
yn ’t neaken nei it oardiel laat,
mar doe’t de paus de porno murk,
kaam hy mei Kristus ek op dreef.

Da Volterra, learling fan Michel,
moast penis en ek vagina
in lapke jaan, al wer in grut ferskaat,
mar foar de hellju joech ’t gjin baat,
it kaam foar har op ’t selde del,
de duvel moast har altyd ha.

* Michelangelo (1475-1564) skildere
it fresko ‘It lêste oardiel’ yn opdracht
fan paus Paulus III.
De keunstner krige syn ynspiraasje fan
Dantes ‘Godlike Komeedzje’.
De oanpassings fan Da Volterra binne
troch restaurateurs letter fuortwurke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum