november 4, 2016
fan A. Sallaert*
Lit Brussel it mar showe ienheid mei in grut ferskaat, lit wapperje de findels foar religy, ek foar Jan Soldaat en slaan de grutte trommen, want de optocht is op paad. Lit Isabella sjitte Lit alle lieders sjitte Lit Brussel it mar showe * A. Sallaert (sirka 1590-1657/1658) |
november 4, 2016
fan Willem Maris*
De wei wie lang, de ein fan wei, rûn foar ’t gefoel fier oer de kym, in streekje yn ’t ûneinich platte lân, prozaysk mei de beammen wol op rym, it wie yn ’t lêste fan de dei. De dei rûn skier oer yn de jûn Sy is in streekje fertikaal * Willem Maris (1844-1910) |