Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Plichten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gonzales Coques*
fan Adriaen Brouwer**

Se kamen op ‘e hichte
fan de adel, boargers heech fan stân,
en giene op ‘e hazzejacht
mei ’t fjurrich wapen troch it lân,
’t wie ien fan har morele plichten.

Image

En is de hazze sketten,
dan begjint de show, elk slacht him acht:
‘It is lykas iksels in fette!’

Sy sieten yn de lichte
fan ’t bestean te kaarten op it hout
en wiene op ‘e duitejacht
mei ’t sljochte wapen fan elk klaut,
want: ‘Deale, wy ha ek ús plichten!’

Image

En hat de ien ’t mei ligen
wûn, dan slacht er op it blaasplak acht:
‘Ik moat earst skite… of is ’t mige…’

* Gonzales Coques (1618-1684)
spesjalisearre him yn lytsskalige
groepsportretten fan rike boargers.

** Adriaen Brouwer (1606/1607- 1638)
skildere foaral tafrielen mei boeren
en oare plattelânbewenners.

admin

Swarte stilte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albert Edelfelt*
fan Akseli Gallen-Kallela**

Image

As de himel is it Finske gea,
ûneinich oer de kimen hinne,
wolkebergen boppe ’t rea
by ’t stadich sakjen fan de sinne.

Loft en wetter streekje bosken swart
oer kleuren fan de simmerwille,
efkes mar, de nacht is koart,
de dei is yn de jûn ferstille.

Mar ynienen klinkt de rappe hak
fan ’t reade petsje boppe ’t swarte,
grutter wurdt it stilteplak
as ’t libben mei de himel boartet.

Image

* Albert Edelfelt (1854-1905)
hierde as Finske skilder in atelier yn Parys.
Simmerdeis skildere hy yn Finlân.

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
waard bekend troch syn skilderijen
fan de Kalevala, in samling Finske sêgen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum