februari 27, 2025
fan John Everett Millais*
Hy stie bekend as fûgelfreon
yn mear as ’t eigen lânskip,
rûnom wie hy fierder rûn
as lju mei sletten each en ear,
no lei hy, wie net mear sa sûn.
Hy wie ek freon fan alle bern
dy’t fan syn fûgels holden,
dea of libben, altyd wist
er har de namme oan te jaan,
fertelde fierder oer elk bist.
Hy sette ek wol fûgels op,
sa bleauwen dy yn libben,
ek al wiene sy lang dea;
meikoarten kaam foar him de kear…
syn lea opsette, dat koe nea.
* John Everett Millais (1829-1896)
Skilderij ‘De hearskjende passy’
februari 6, 2025
fan Frans van Mieris*
Mei de sjippe yn de skulp
en it pypke yn de mûle,
beide wangen read en bol,
blaast hy de iene nei
de oare bûle.
Yn it kouke boppe him
kin de fink allinnich hippe,
hâldt syn sankje noch wol fol,
mar kin dit libben oan
de frijheid tippe?
Bûlen fleane troch de loft,
glânzjend mei ferskate tinten,
hoe lang hâlde sy it fol?
De blazer sjocht dernei,
oars as nei printen.
Printen bliuwe lang bestean,
mar sa net de wiffe bûlen,
want dy binne bol en hol
en brekke gau, hy sil
der net om gûle.
Mar de bûle dy’t gau brekt,
dêr sjocht mem it wiffe libben
yn… hâldt sy har rol wol fol?
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Bûleblazende jonge’