mei 30, 2024
fan Charles van Beveren*
Hy wie de iennige dy’t siet,
joech oan dat hy ’t net sitten seach
om as kanonnefoer te tsjinjen,
mar syn broer woe troch foar offisier…
wie dat wol wier?
Oproppen troch Napoleon
dy’t him, syn broer, wol sitten seach
om tsjin de Rus de striid te winnen,
hy fertsjinne as in offisier…
mar wie dat wier?
De froulju stiene nei de tút
te praten oer de lange tocht
mei yn de eagen noch de triennen,
dochs joech ’t fiere reizgjen ek fertier…
’t wie wrachtich wier.
Heit joech syn stoere soan de hân,
omdat er lykas him ek tocht
de Frânsman soe it winne kinne
fan de Rus, nei Moskou foar fertier…
mar wat wie wier?
* Charles van Beveren (1809-1850)
Skilderij ‘Ofskie fan in soldaat’
mei 23, 2024
fan Diego Velázquez
Al lang hat sy it libben preaun
mei yn har goede tiid befallings
lykas pykjes krûpend út it aai,
twa hinnen ha har foarbyld folge,
inkeld hoantsjes kamen koart dêrnei.
Sy is yn ’t hûs allinnich bleaun,
mar hat yn ’t hok wol fjouwer hinnen
mei in hoanne dy’t fiktoarje kraait
en priuwt fan in foarbyldich libben,
net it foarbyld dat har noch wat seit.
Har beppesizzer is bedreaun
yn ’t sykjen fan it hinnefretten,
bringt foar ’t streksum miel ek in pompoen,
mar kin it hoanne-foarbyld noch net
folgje, aaien binne oars ek sûn…
… fynt beppe, dy’t it libben preaun
hat sa’t it wie út ûnderfining:
‘Sa, myn jonge, hjir is dyn bakt aai.’
* Diego Velázquez (1599-1640)
Skilderij ‘Alde frou bakt aaien’