december 17, 2020
fan George Jones*
Dêr stiet er yn syn galery,
de kiste tusken skilderijen,
dy’t sprekke fan in ryk bestean
yn kleur, wat meibrocht rom
rûnom, hy mocht de lof wol lije.
Dêr leit er tusken suver wyt,
hy koe it net op fuotten hâlde,
hoewol’t er graach noch trochgean woe;
syn galery wie rom
genôch foar nije tusken âlde.
Dêr stean se, om him yn de rou,
en skôgje heech en djip oer ’t libben
dat ryk oan kleur wie, earm oan kwea,
dus sei de Hear: ‘Kom,
do krigest rom sicht, hast goed stribbe!’
* George Jones (17876-1869)
Skilderij ‘Turners deadskiste yn syn galery’
december 10, 2020
fan Jacob Backer*
Hy fielde him in foarst te ryk,
mar sûnder jild, wol mei in kroan,
sa rûn er troch it iepen fjild
te fluitsjen, dûnsjend oer de greppel,
as model foar Janneman, syn soan,
al hoedzjend ek de keppel.
De keppel harke nei de fluit,
fan heech nei leech, it wie de toan
dy’t oprôp: ‘Jou jim no mar del!’
Hy hoegde langer net te roppen,
bleau as kening sitten op ’e troan
en telde spyljend alle koppen.
Syn fluit fertelde fan it ryk
dat hy as hoeder stichte hie,
fan leech nei heech, in moai model
om sûnder fluit te imitearjen
troch de soan, dy’t grutsk foar hoeder stie,
de keppel koe ’t wurdearje.
* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘Hoeder mei krânse en fluit’
Skilderij ‘Jonkje yn hoedersklean’