februari 4, 2021
fan Albrecht Dürer*
Hjir lit ik jimme sjen
dat de eagen rjochte binne
op ’e fierte en nei binnen
tagelyk, sa’t ik no kin.
Doe moast ik as in bern
harkje, muorren om my hinne
hawwe ’t útsicht lang benommen,
no lit ik my dûbel sjen.
Nei bûten sjoch ik fier
om in yndruk op te heinen
fan de wrâld, want alle fromme
praatsjes lizze my te swier…
… yn ’t inerlik, dat rom
wêze moat foar wat fan bûten
komt, dus lit gjin yndruk rinne,
hâld him fêst, kear jim dan om…
… en sjoch my oan, ik lit
dúdlik sjen wat jim ek kinne.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Selsportret’
januari 28, 2021
fan Vincent van Gogh*
It suden, dêr wie ’t paradys
fan kleare kleuren, boppe, ûnder,
oeral wêr’t it each ek hinne glydt;
ik seach mysels as Adam rinnen,
neaken want de sinne stie foar wûnder
oan de himel tusken wolken yn.
Yn Arles stiet it Giele Hûs
te strieljen yn de middeissinne,
mei it atelier in gouden plak;
’t portret fan Eva moat wol kinne,
mar ’t model wol hjir perfoarst net hinne
yn it neaken tusken doeken yn.
Dus rin ik nei it romme gea,
mei ’t koarnfjild poerlik yn it neaken
en dêrachter hjir en dêr in dak,
dêrboppe bergen, heger wolken,
nei de fierte tsjinjend as in beaken,
wizend tusken stêd en hichten yn.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Koarnfjild mei grutte wolk’