Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Pakes seine

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Jakob moast de dei troch lizze,
âld en siik, oan beide eagen blyn,
de azem hold er dochs deryn
om oan de ein noch wat te sizzen.

’t Kaam werom út it ferline
wei: syn eigen heit, de eagen ticht,
joech him de seine troch as plicht,
syn broer as âldste fielde pine.

Joazefs soannen liet er komme,
âldste, jongste, Jakob wist it net,
de heit hat har by ’t bêd delset,
wylst pake op it kessen slomme.

Efraïm kaam nei Manasse,
want de âldste hie it earste rjocht,
de âlde hân hat taastend socht,
de rjochter soe de jongste passe.

Joazef woe it korrizjearje,
Jakob hold it dochs by Efraïm,
Manasse hearde pakes stim:
‘God sil de âldste ek wurdearje.’

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jakob jout de bern fan Joazef de seine’

admin

Waarme moeting

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Image

Dêr giet er by de hichte del,
fan ’t hongergea nei ’t lân fan brea,
de âlde stamheit fan de tolve
soannen, no wer rjocht fan lea,
mei op syn wûnen salve.

De soannen klommen fleurich op
nei ’t heitelân mei it berjocht
dat Joazef libbe om te dielen,
Jakob leaude it net rjocht,
hy koe gjin waarmte fiele.

De waarmte kaam wol yn in dream
dy nacht mei ’t ljocht fan Jakobs God:
�??Ik gean mei jimme nei de lichte,
dêr’t dyn soan nei myn gebod
it folk bringt op ‘e hichte.’

Se sette beide no de stap
oer pronkjas, haat en slavetsjinst
en litte waarme triennen rinne,
djip ferlies wurdt sa ta winst
troch al it needlot hinne.

* Yllustraasje ‘Jakob giet nei Egypte’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum