Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Bruorretút

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Francesco Hayez*

Withoefolle jierren út elkoar,
sa breed wie tusken broers de kleau
as ’t stellen fan de heiteseine;
Jakob rûn noch yn dat âlde spoar,
seach net hoe’t nije wegen leine.

Withoefolle fee gie him foarút,
fergoeding foar ’t slûchslim bedroch
om Ezaus berterjocht te stellen;
Jakob seach syn libben al as bút,
nea soed er al syn fee wer telle.

Image

Froulju mei de bern deun achter him,
har stipe yn de rêch, ’t gesicht
nei foaren om syn broer te moetsjen,
wat er seach as djoere bruorreplicht…
stie Ezaus antlit op begroetsjen?

Folle net genôch fan Ezaus kant
mei earmen om syn twillingbroer,
in tút en dêrnei ryklik triennen;
’t âlde spoar gie yn it nije oer
en sa koe Jakob fierder rinne.

* Francesco Hayez (1791-1882)
Skilderij ‘Moeting fan Jakob en Ezau’

admin

Manke strider

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Eugène Delacroix*

It gie wer oan op ’t heitelân
mei keppels net te tellen,
noch mei rjochte rêch, de stap deryn,
it rûn him lang al foar de wyn
oant by de grinsrivier,
doe rûsde ’t wetter fan syn stellen.

En yn de skimer, yn in tel,
seach Jakob Ezaus hierrich fel.

De man kaam daliks op him ôf,
’t gie sûnder foar te stellen,
griep mei beide hannen Jakob fêst
en gunde him dy nacht gjin rêst,
in striid fan krún oant kút,
de heup hie neat mear te fertellen.

Image

En by ’t lemieren, yn in tel,
waard Jakobs namme Israel.

De namme wie him net genôch,
’t moast djipper, nei de welle:
foar de seine joech er God de tank,
rûn fierder foar de wyn, mar mank,
oant foar de grinsrivier
om earst him Ezau foar te stellen.

* Eugène Delacroix (1798-1863)
Skilderij ‘Jakob wrakselet mei God’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum